Oer ús
Onze Boer
Sjoerd Hoekstra is in ûndernimmende boer út Donkerbroek. Sjoerd hat in pear jier lyn de oerskeakeling makke nei in biologyske bedriuwsfiering, Sa produsearret Sjoerd nei acht jier hurd wurkjen syn molke en fleis folslein biologysk. Dêr is er grutsk op.
Sjoerd hat, njonken syn biologyske melkerij , ek in tal natuergebieten yn Fryslân yn behear, bygelyks de Peander Mieden by Drachten. Natuerynklusyf buorkjen wurdt dat neamd. It Fryske Gea is in grut foarstanner fan dy wize fan buorkjen, benammen yn kombinaasje mei de direkte ferkeap.Sa kinne boeren, lykas Sjoerd, in goed ynkommen fertsjinje en kinne wy as Friezen genietsje fan ús prachtige lânskip en de natuer om ús hinne.
Om’t Sjoerd keazen hat foar de direkte ferkeap fan biologysk fleis en fan tsizen (Bastiaanse), ek makke fan de molke fan de kij fan Sjoerd en produsearre troch it fabryk yn Rouveen, falt de tuskenhannel út. It foardiel is dat de konsumint wit dat syn biologyske produkten út de eigen streek komme en hokker boer se produsearre hat.
Troch it koarte paad tusken boer en konsumint kin de priis ek konkurearjend wêze, en dêrby komt de boer net oan ‘e krapperein. Ferkeap is in fak apart; dêrom hat Sjoerd mei twa oare partners Jo Stedsboer oprjochte.
Jo Stedsboer Fryslân
Jo Stedsboer Fryslân is net allinne in tradisjonele boer yn de klassike sin fan it wurd. Wy binne folle mear as dat.
Wy binne in bedriuw mei, troch en foar boeren en konsuminten, dat besiket it komplekse, maatskiplike fraachstik oer lânbou, stêd, rekreaasje en iten op in by ús tiid passende wize oan te jaan. Wy besykje feroarings oan te bringen yn it yndustriële tinken, sûnder dêrby te ferfallen yn falsk sentimint.
Wy wolle sjen litte dat der foar in boer dy’t biologyske lânbou kombinearret mei natuer en rekreaasje wis wol wat te fertsjinjen is. Sa’nien stiet midden yn de mienskip en hy is dwaande mei in soad sosjale inisjativen. It dielen fan kennis oer plant, dier, natuer en produkt is in wêzentlik part fan Jo Stedsboer.
Gearfette: Jo Stedsboer Fryslân stiet foar regionaal, biologysk, rn natuerynklusyf, hege kwaliteit en transparânsje en in priis dêr’t boer en konsumint beide foardiel fan hawwe.
It mei dúdlik wêze dat Jo Stedsboer breder wêze wol as ien boer. Eintsjebeslút is it stribjen dan ek dat mear biologyske natuerynklusive boeren, fia in koart paad, har produkten troch Jo Stedsboer oanbiede wolle. Sa kin it oanbod folsleiner wurde.
It begjin is der yn alle gefallen. Wy hoopje dat jo mei ús dit ûndernimmen ta in súkses meitsje wolle. Mei-elkoar sterk foar in moai Fryslân mei grutske ynwenners en grutske boeren.
Biologysk
Biologyske boadskippen út us eigen omkriten. Op disse manier hâlden wy ús ecologyske ynfloed lyts.
Spesjalist
Al generaasjes lang joue wy it boerenspecialisme en de kennis oer biologysk libben, bisten en de natuer troch.
Regionaal
Al ús produkten komme út de regio. Wy wolle de natuer en stêd op 'e nij mei elkoar ferbine.
Thús besoarge
Iten mei respekt foar minske, dier en natuer is net dreech. Wy bringe al ús produkten gewoan by dy thús.