Biologyske Hamburgers

Biologyske Hamburgers, verpakt per 3 stiks fan ca. 100 gram per stik. Totaal ca. 300 gram.

5,10

Dit product is momenteel niet op voorraad.
U kunt dit product nabestellen, neem contact op met 0612345697

ús biologyske hamburgers binne Jr^de mei biologyske krûden, lekker soppich en hearlik los fan struktuer. Jo wolst net mear oars. Om’t de hamburger 100% kowefleis is kin de hamburger prima medium servearre wurde. De hamburgers binne verpakt per 3 stiks en wegen omtrint. 100 g per stik.

Wat makket ús fleis bysûnder:
Al ús fleis is biologysk mar wat ús fleis bysûnder makket is dat de kij yn it natuergebiet Rikkinge by Easterwâlde rinne. De kij hawwe troch har ferbliuw yn de natuer in farieerd dieet en hjirtroch hat it fleis in bysûndere en rike smaak.

De bisten ferbliuwen hjir langere tiid en hawwe dus earst in goed libben hân yn tsjinstelling ta de bio-industrie wêr de bisten die kâns net krije. Troch dizze bysûndere manier fan buorkjen, behear fan dit natuergebiet dragen de kij by oan it behâld en ferbettereing fan ús natuer en fan ús lânskip. Net langer stiet de produksje fan ús iten sintraal mar stiet it behear fan it lânskip en de natuer sintraal en past de boer him oan. Wy neame dit mei in noch ûnbekende term, natuer- ynklusyf buorkjen. Op dit momint noch unyk yn Fryslân mar wy hoopje dat in goed foarbyld ek goed docht folgje.

Tink derom! It fleis wurdt ynferzen levere. Om de kwaliteit fan it fleis te garandearjen facuüm ferpakt sadat it gjin focht ferliest by it bewarjen yn de friezer.